Ynbraak

In ynslein autorút tsjûget fan in auto-ynbraak.

Ynbraak (of yn juridysk jargon braak) is in misdriuw dat it yllegaal iepenbrekken omfiemet fan in gebou of in oar ôfsletten foarwerp, lykas in auto, mei as bedoeling om dat yn te gean. As it yngean fan sa'n gebou of foarwerp net it doel is, sprekt men by it iepenbrekken net fan ynbraak, mar fan fernieling. It doel fan in ynbraak is ornaris om oarmans besittings te stellen. Sadwaande jildt ynbraak foar it rjocht as in strafferswierjende omstannichheid by dieverij. Immen dy't in ynbraak útfiert, is in ynbrekker.

Soms wurdt in ynbraak by leechsteande gebouwen net dien mei as doel om guod te stellen, mar om jin yn it oangeande gebou nei wenjen te setten. Dan is der gjin sprake fan ynbraak mar fan kreak. Lju dy't dat dogge, binne kreakers, dy't yn Nederlân in beskate wetlike beskerming genietsje. By kreak is trouwens net altyd sprake fan it ynbrekken yn in gebou; soms witte kreakers gewoan de kaai fan in leechsteand gebou te bemachtigjen.

Bytiden slagget it ynbrekkers trouwens ek om in gebou of auto yn te kommen sûnder dat der feitlik sprake is fan ynbraak, om't der neat stikken makke hoecht te wurden. Soks kin bygelyks foarkomme as de eigner fergetten is om de doar op 't slot te dwaan of as er de kaai yn 't slot sitte litten hat. Foar sokke misdriuwen ken it Nederlânske rjocht noch de termen ynslûping en ynklimming, dat ek strafbere delikten binne.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.


Developed by StudentB